Nijenhuis 8e op 500 meter

13 feb 2005 - 17:20

Beorn Nijenhuis is snein by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Erfurt achtste wurden op de 500 meter. Syn tiid wie 35,71. Earste op dy ôfstân waard de Rus Lobkov (35,15) en twad de Japanner Kato (35,19).

By de froulju waard Annamarie Thomas snein 16e op de 1000 meter. Har tiid wie 1.18,17. Earste op dy ôfstân waard Marianne Timmer yn 1.15,58. Simionato út Itaalje kaam as twadde oer de einstreek. Har tiid wie 1.15,62.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)