Nijenhuis 5de op 1500 meter

19 nov 2005 - 17:02

By de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City ried Beorn Nijenhuis fan it Hearrenfean freedtenacht 1.44'68" op de 1500 meter. Dy tiid wie goed foar in fyfde plak. De 1500 meter waard wûn troch de Amerikaan Chad Hedrick, dy't mei 1.42'78" in wrâldrekord ried. Hy is de alderearste man dy't op de 1500 meter ûnder de 1.43' dûkt.

Erben Wennemars ried in nij Nederlânsk rekord. Syn 1.43'51" wie goed foar in tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)