Nijelingen yn basis by Cambuur

21 aug 2015 - 12:56
  • SC Cambuur

Djavan Anderson en Martijn van der Laan begjinne beide yn de basis by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo sneontejûn. Cambuur hie problemen yn de ferdigening, mar dy binne foar it grutste part oplost troch it oanlûken fan Anderson en Van der Laan. Pereira en Vytas binne beide noch blesseard. Marvin Peersman spilet op links. Xander Houtkoop hat lêst fan in knibbelblessuere en begjint net yn de basis. Furdjel Narsingh is syn ferfanger. Op it middenfjild feroaret der neat. Dat wurdt beset troch Overgoor, Bakker en Van der Streek

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)