Nijelemmer: Van Essen wint

30 jan 2006 - 17:12

Inge van Essen fan Heino wûn snein yn Nijelemmer de earste koartebaanriderij foar froulju fan dit seizoen. Der kamen 28 froulju út it hiele lân oan de start, dy't 300 euro oan prizejild ferpartsje mochten.

It gie om in klassike ôffalrace, dy't wûn waard troch Inge van Essen. Richt van der Meer fan Grins waard twadde, Lotte van Dieren van Olst tredde. Lyda de Vos fan Terwispel wie op it fjirde plak de bêste Friezinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)