Nijeholtpea ien dei yn de ban fan metaaldetektoaren

17 mrt 2016 - 08:16
  • Op 2 april draait it yn Nijeholtpea (Weststellingwerf) om de metaaldetektor

It doarp Nijeholtpea stiet sneon 2 april yn it ramt fan metaaldetektoaren. Leafhawwers kinne meidwaan oan trije sykwedstriden en der binne demonstraasjes. It evenemint wurdt organisearre troch The Coinhunter Company. Yn in grut stik lân wurde pennings ferburgen dy't minsken mei de metaaldetektor sykje moatte.

Dêrneist kinne minsken de skatten taksearje litte, of bygelyks by in sulversmid fynsten meitsje litte. Neffens Leo Kooistra fan Kooistra Metaaldetectors yn Lippenhuzen sit de sport de lêste tsien jier flink yn de lift.

Sels is er al 32 jier grut leafhawwer fan de sport. "It moaie oan skatsykjen mei in metaaldetektor is dat it sawol spanning as ûntspanning jout. Yn 1984 fûn ik in muntskat fan 68 muntsjes út it jier 1000 en yn 2001 fûn ik 1327 sulveren munten. It is prachtich as je soks yn de grûn oantreffe."

Ofrûne sneon wie der yn Feankleaster in lededei fan de Detectoramateur. Dêr kamen sa'n 150 minsken út it hiele lân om mei harren metaaldetektor te sykjen nei ferburgen pûdsjes mei skatten deryn. HEA! makke dêr in reportaazje dy't tongersdei 17 maart útstjoerd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)