Nijefurd wol ien SW-gemeente

17 apr 2009 - 13:59
  • Ried Nijefurd stimt yn mei ien grutte Súdwesthoekegemeente

In mearderheid yn de ried fan Nijefurd wol de fúzje mei de fjouwer oare gemeenten yn de Súdwesthoeke trochsette. Yn de kommisje stimden CDA, PvdA en VVD foar ien grutte gemeente. Dy moat bestean út Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Nijefurd.

Yn Nijefurd en Wûnseradiel giene stimmen op foar in referindum, mar de mearderheid fan de ried hat dat plan ôfsjitten. Moandei nimme alle rieden in beslút oer it foarnommen plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)