Nijefurd: weryndiele yn 2011

01 feb 2008 - 10:35

De gemeente Nijefurd wol op 1 jannewaris 2011 fuseare mei fiif oare Súdwestehoeke-gemeenten.

De gemeente hat ûndersykje litten wat de meast gaadlike fariant is foar in fúzje. Dêr kaam út dat in kombinaasje fan Nijefurd mei Wymbritseradiel, Snits, Gaasterlân-Sleat, Boalsert en Wûnseradiel it measte sukses opsmite sil. De gemeente Nijefurd wol mei it neamen fan in datum it proses fan de weryndieling op gong bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)