Nijefurd: sûpketen oanpakke

13 okt 2008 - 12:09
  • Keet It LEKje op It Heidenskip

De gemeente Nijefurd pakt de yllegale keten yn it bûtengebiet oan. Ofrûne wike krige in grut tal keten in brief fan de gemeente dêr´t yn stiet dat se begjin maart takom jier ticht moatte.

Sa wol de gemeente optrede tsjin it slimme drankgebrûk ûnder de jongerein. Ien fan ´e keten dy´t in brief krigen hat fan de gemeente is It LEKje op It_Heidenskip. De keet stiet der al 15 jier en hat noch nea earder wat fan de gemeente heard. Se binne it der dan ek net mei iens dat se ticht moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)