Nijefurd siket jonge skippers

23 maaie 2010 - 09:52
  • Tall Ship de Wylde Swan (foto gemeente Nijefurd)

De gemeente Nijefurd is op syk nei jongeren dy't op in Tall Ship meisile wolle fan Harns nei Rotterdam. Fan 5 oant en mei 7 july kinne 30 jongeren tusken de 15 en 25 jier út Fryslân meidraaie mei de bemanning op it skip.

Sa moatte se wacht rinne, navigearje, it dek skrobje, mar ek oan it roer stean. De kosten fan de reis wurde troch de gemeente en mei subsydzjes betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)