Nijefurd moat besunigje

12 okt 2007 - 11:42

De gemeente Nijefurd moat takom jier 550.000 euro besunigje om de begrutting slutend te krijen. De besparring is nedich yn ferbân mei tsjinfallers troch in legere útkearing fan it Ryk, in legere opbringst fan gemeentlike belestingen en hegere útjeften foar sosjale foarsjennings.

Der wurdt flink besunige op ûnderhâld. Fierders wurdt der dik 200.000 euro út de reserves helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)