Nijefurd: mear fakânsjehuzen

19 nov 2010 - 08:23

De gemeenterie fan Nijefurd moat begjin desimber in beslút nimme oer in flinke útwreiding fan it tal fakânsjehuzen. By de gemeente binne fjouwer plannen ynkaam fan ûndernimmers dy't mear fakânsjehuzen bouwe wolle.

It giet om plannen fan park It Soal en fan de jachthaven yn Warkum, kemping Schuilenburg yn Hylpen en kemping De Kuilart yn Koudum. Dy wolle meielkoar op syn minst 500 nije fakânsjehuzen delsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)