Nijefurd akkoart oer besunigings

19 maaie 2004 - 00:00

Nijefurd makket jacht op hûnen dêr't gjin hûnebelesting foar betelle wurdt. De gemeente besiket sa wat ynkomsten te krijen. De ried gie tiisdei akkoart mei de besunigingen. It kolleezje wol takom jier goed 360.000 euro besunigje. En fan 2006 ôf alle jierren struktureel 53.500 euro.

De foarstellen binne yn de kommisje wat oanpast. Der wurdt minder op it jeugdbelied en musea besunige as yn it oarspronklike foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)