Nije ynwenners wolkom op Skier

14 sep 2010 - 22:07
  • By de oplevering waard in beam plante

De gemeente Skiermûntseach wol ek minsken fan de wâl de kâns jaan om op it eilân te wenjen. Dat sei wethâlder Wiersma by de oplevering fan 30 nije wenten. De gemeente wol dat der oer 10 of 15 jier wer 1000 minsken op it eilân wenje. No binne dat der 940.

De nije wenten dy't tiisdei oplevere waarden, binne boud foar minsken dy't no ek al op Skiermûntseach wenje. De enerzjysunige wenten passe binnen it belied fan de waadeilannen om foar 2020 selsfoarsjennend te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)