Nije ynstekhaven yn Drachten

18 nov 2001 - 00:00

Der komt in nije ynstekhaven op yndustryterrein De Haven yn Drachten. Neffens de gemeente Smellingerlân is dêr in soad belangstelling foar. Op it stuit is der noch mar ien bunder grûn oan it wetter beskikber, wylst der mear gadingmakkers binne. De kosten foar de oanlis wurde rûsd op 13 miljoen gûne. De gemeente hopet lykwols op in bydrage fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)