Nije yndustryhaven yn Harns

29 maaie 2001 - 00:00

De nije yndustryhaven yn Harns lûkt in protte belangstelling. Fan de 50 bunder grûn dy't útjun wurdt is al sawat de helte fersein. Neffens de gemeente is dit boppe de ferwachting.

De nije haven moat yn 2004 klear wêze en in 600 oant 800 arbeidsplakken opsmite. De oanlis fan de haven kostet alles meiinoar 70 miljoen gûne. In earste begjin is makke, it ferfier fan in sânsûger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)