Nije wurkwize Sijtsma Sweins

17 sep 2012 - 17:28

De Sijtsma Groep út Sweins komt mei in nije wize fan gevelreiniging. Dêr is no al in soad fraach nei, sels fanút it bûtenlân. It bedriuw mocht bygelyks in offerte meitsje foar it stralen fan in hiele katedraal yn Brussel. It giet om stralen mei spûnskes yn stee fan grit of sân en is úttocht yn Amearika.

It grutte foardiel is dat it minder ôffal jout en dat der neist stien ek oare materialen as hout, behang en stiel straald wurde kin. Op dit stuit wurkje der 90 minsken by Sijtsma Groep, mar de nije technyk kin ek nije banen opsmite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)