Nije wurkwize Fryslân Miljeu

18 mrt 2002 - 00:00

It grienôffal yn Ljouwert wurdt dizze simmer 20 wiken lang alle wiken ophelle. Dat is ûnder mear nedich om stankoerlêst foar te kommen. Mei de gemeente is ôfpraat dat der net mear as 22 konteners op ien sammelplak stean meie.

Der sille wol mear fan dizze sammelplakken komme. Fan april ôf is it boppedat mooglik om mei de ôffalweinen sawol grize as griene konteners te leegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)