Nije wurkwize by befallings

31 jul 2011 - 15:02

Kreamsoarchburo De Kraamvogel komt mei in nije wurkwize by befallings om sa it persintaazje fan poppestjerte by de berte nei ûnderen te bringen De organisaasje spilet dêrmei yn op it nijs okkerdeis dat de poppestjerte yn Nederlân heger leit as de Europeeske lannen om ús hinne.

It buro komt mei in saneamde splitste kreamsoarch. De iene groep kreamhelpen spesialisearret him yn de soarch by befallings. De oare groep docht de dêrop folgjende kreamtiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)