Nije wize om bûnte kjifkrobbe te bestriden

26 des 2014 - 16:26
  • Bestridingswize bûnte kjifkrobbe
  • Bestridingswize bûnte kjifkrobbe

De nije metoade om de bûnte kjifkrobbe te bestriden, wurdt goed ûntfongen. Ut binnenlân en bûtenlân komme in soad positive reaksjes. De krobben frette hout en soargje foar grutte skea yn monumintale gebouwen. De nij ûntwikkele bestridingswize hat as foardiel dat it hout minder skansearre wurdt en der is patint foar.

Mei in hiele lytse slang wurdt troch fiif milimeter grutte gatsjes gif yn it hout spuite. De klokketoer fan de Martinitsjerke yn Snits wurdt as earste sa behannele troch Hoekstra Bedrijfshygiëne op 'e Tynje.

It bedriuw ferwachtet te groeien no't der safolle flecht op 'e koai is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)