Nije winkel Leger des Heils

12 jan 2010 - 23:07

De winkel fan it Leger des Heils yn Harns krijt in nij ûnderkommen. De winkel ferhuzet nei in eardere tsjerke oan de Simon Stijlstrjitte. Dêr is mear romte, boppedat leit it gebou mear yn it sintrum. Om de kosten fan de nije winkel betelje te kinnen sil dy faker iepen wêze.

It nije ûnderkommen wurdt 23 jannewaris yn gebrûk naam. De Leger des Heils-winkel sit no noch yn de Sint Jacobstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)