Nije wike mear dúdlikheid oer Fryske Xenoswinkels

20 jan 2016 - 21:03
  • Xenos soe dwaande wêze mei in 'stille reorganisaasje', tinke de fakbûnen

It is op dit stuit noch net dúdlik wat de reorganisaasje by de Xenos krekt betsjut foar de Fryske filialen. Bestjoerder Martijn den Heijer fan CNV Fakminsken hopet dat dêr nije wike mear oer dúdlik wurdt. Dan ha de fakbûnen in earste oriïntearjend petear mei de Blokker Holding, it memmebedriuw fan de Xenos.

Minder wurk

It winkelbedriuw makke woansdeitejûn bekend dat der likernôch 250 banen ferdwine. Guon minsken dy't ûntslein wurde, soene in oare funksje krije kinne binnen de Blokker Holding, seit Den Heijer, mar foar de oaren wurdt it dreech om wer in baan binnen de detailhannel te finen. Der is hieltyd minder wurk yn dy sektor, seit er. Dêrom moat Blokker dy minsken helpe mei it finen fan in nije baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)