Nije wike iisbaan yn Boalsert

09 jan 2008 - 10:27
  • "Nije wike iisbaan yn Boalsert"

Basisskoalle Sint Maarten yn Boalsert krijt op 17 jannewaris lang om let de iisbaan foar de doar. De iisbaan soe earder yn novimber oanlei wurde mar troch famylje-omstannichheden koe dat net troch gean. De keunststofiisbaan is in inisjatyf fan 'e KNSB.

It bûn wol sa de jeugd entûsjast meitsje foar it reedriden. De ôfrûne jierren is it ledetal fan 'e ferienings werom rûn. De KNSB hopet sa ek de nije Sven Kramer te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)