Nije wike dúdlikens oer Cambuur

14 jun 2006 - 16:04

Nije wike freed wurdt dúdlik oft de seis skuldeaskers fan fuotbalklub Cambuur dy't net akkoart gean mei it rêdingsplan, om lyk geane. Dan docht de rjochter útspraak yn de ôfhanneling fan de surseânse fan betelling.

Seis skuldeaskers wolle mear jild hawwe as de 20 persint dy't se no krije. De groep krediteuren kin nije wike noch berop oantekenje tsjin de útspraak. Dan rint it rêdingsplan fan Cambuur op 'e nij fertraging op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)