Nije wettersuveringsmetoades

07 sep 2009 - 12:39
  • De Greuns dêr't it nije ûndersykssintrum komme sil

Wetterskip Fryslân krijt in nij ûndersyksintrum foar wettersuvering. It sintrum rjochtet him op effisjentere metoades fan suvering. Dat kin úteinliks legere wetterskipslesten foar de boargers opsmite.

Elk jier makket it wetterskip omrekkene trije miljoen folle frachtauto's oan ôffalwetter skjin. It ûndersykssintrum komt by de rioelwettersuvering yn Ljouwert. It moat yn juny 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)