Nije wethâlder Harns

25 nov 2011 - 15:03

Peter Glasbeek (PvdA) út Leiderdorp wurdt nei alle gedachten de nije wethâlder fan Harns. Glasbeek (57) wie oant ferline jier wethâlder yn syn eigen gemeente. Hy moat Jan de Boer opfolgje, dy't yn septimber opstapte. Hy woe net langer wurkje yn in koälysje dêr't neffens eigen sizzen in sfear fan achterdocht en wantrouwen is.

Mei-elkoar hawwe 29 minsken sollisearre nei de funksje fan wethâlder yn Harns. Op 7 desimber moat de rie in beslút nimme

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)