Nije wet min foar beropsfiskers

22 okt 2005 - 15:30

Beropsfiskers yn Fryslân krije it ynkoarten noch dreger dan se it no al hawwe, troch in wiziging fan de Fiskerijwet. Dat seit foarsitter Sicko Heldoorn fan de Lânlike Kombinaasje fan Binnenfiskers.

Troch de wetswiziging kinne sportfiskers folle makliker mei in peur of mei mear as twa angels op iel fiskje. Dy konkurrinsje kinne de beropsfiskers en de ielstân der net by ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)