Nije wet dreech foar Dongeradiel

10 mrt 2004 - 00:00

Minsken yn Dongeradiel mei in útkearing binne lilk op de gemeente. Se witte net wêr't se oan ta binne mei de nije Wet Wurk en Bystân (WWB). De gemeente soe net witte hoe heech de útkearing is en wannear't dy útbetelle wurdt. Ek binne der fragen oer de sikefûnsfersekering.

Wethâlder Appelhof lûkt him de krityk oan. De gemeente hat de lêste ferzje fan 'e wet, dy't dit jier yngien is, pas yn desimber krigen. Dongeradiel wol de problemen sa gau mooglik oplosse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)