Nije wenwyk yn Surhústerfean

13 apr 2004 - 00:00

Súrhusterfean krijt der in nije wenwyk by. Nei jierren fan praten wurdt lang om let boud oan de Vierhuisterweg. Der komme 123 wenningen, 58 apparteminten, in boarterstún, in iisbaan, in tennisbaan en in maneezje.

It terrein dêr't de kommende fyftjin jier boud wurdt, is likernôch tolve bunder grut. It plan sil yn fazen útfierd wurde. Yn de earste faze wurde 48 huzen boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)