Nije wenwyk moat pronkje wurde

21 des 2004 - 14:03

It nije bestimmingsplan Lindewijk by Wolvegea moat it pronkje fan Fryslân wurde. In wurkgroep hat him twa jier dwaande holden mei plannen om fan de nije wyk in sosjaal duorsume wenwyk te meitsjen. Dy moat oanslute by de winsken fan de kommende tiid.

No al bestiet 60 prosint fan de húshâldens út partners dy't bûtenshûs wurkje. Alderen bliuwe hieltyd langer op harsels wenjen. Mei datsoarte saken moat by de bou rekken holden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)