Nije wenten foar Tsjom?

23 des 2004 - 12:27

Der komt in ûndersyk nei de helberens fan wentebou yn Tsjom. Dêroer hawwe Doarpsbelang Tsjom, de gemeente Frentsjerteradiel en Stichting Wonen Noordwest Friesland in akkoart berikt.

De nijbou is neffens doarpsbelang nedich omdat in soad minsken en winkels it doarp ferlitte. De nijbou moat komme op it âlde keatsfjild en wurdt dien troch de wenningstifting. It jild út de ferkeap fan it keatsfjild wurdt bestege oan bettere sportfoarsjennings yn Tsjom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)