Nije webside foar Ljouwert

24 aug 2010 - 20:40

De gemeente Ljouwert hat in nije gemeentlike webside. Dizze side is unyk foar Fryslân. Op de side draait it allegear om de sykfunksje. Minsken kinne in opdracht jaan en komme dan fuortendaliks by it ûnderwerp. Fia de side kinne aanst ek fragen steld wurde oan wethâlders, bygelyks by besluten dêr't in soad diskusje oer is.

De âlde side wie ûndúdlik en net gebrûksfreonlik en moast op oantrunen fan de gemeenteried ferfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)