Nije webside foar jonge teatermakkers

17 nov 2015 - 15:09

Der is in spesjale webside makke foar jongeren dy't har dwaande hâlde mei teater. Se kinne op de site fragen stelle, mei-inoar prate op in forum en kopij oanleverje oer har eigen foarstellingen. De redaksje bestiet út jonge spilers fan toanielferiening 'Kom mar op!' út De Harkema.

De site is opset yn gearwurking mei Keunstwurk en de Stichting Amateurtoaniel Fryslân. De webside hjit Bekstik en wurdt sneon offisjeel lansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)