Nije Voedselbankaksje fan regionale omroppen yn desimber

01 okt 2015 - 17:10

De Voedselbankaksje fan de regionale omroppen krijt dit jier in ferfolch. Ek Omrop Fryslân docht wer mei. Fan 7 oant 18 desimber wurdt der wer in ynsammelaksje holden by Omrop Fryslân foar it goeie doel. En dêr wurdt ek tsien dagen lang ferslach fan dien op radio, TV en ynternet.

De aksje fan ferline jier brocht yn Fryslân foar 115.000 euro oan produkten op. Oan de formule feroaret dan ek net folle. Der komt wer in boadskippelistje mei in grut oantal hâldbere produkten dêr't de Voedselbanken ferlet fan hawwe.

Minsken dy't guod ynsammelje wolle kinne terjochte by de dielnimmende supermerken. It gebou fan Omrop Fryslân wurdt wer it sintrale ynsammelpunt fan de Voedselbankaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)