Nije útstalling yn Frysk Museum

13 feb 2003 - 00:00

Herkomst Gezocht is de namme fan in nije útstalling yn it Frysk Museum yn Ljouwert. It giet oer it weromjaan fan keunstfoarwerpen nei de Twadde Wrâldkriich. It museum wol in byld jaan fan keunst dy't yn de oarloch yn Dútslân telâne kommen is.

Oanlieding foar de eksposysje is it ûndersyk nei de eigners fan 4000 keunstwurken dat in pear jier lyn begûn is en dit jier klear is. Steatssiktaris Van Leeuwen iepenet it 18 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)