Nije útstalling HCL

03 apr 2014 - 18:07

It Historisch Centrum Leeuwarden iepenet kommende sneon de fernijde fêste útstalling. Dizze útstalling, oer de skiednis fan de stêd, is behoarlik útwreide. Sa is der in portrettegalery mei allegear bekende Ljouwerters en binne der digitale multymediale kaarten fan Ljouwert.

It is kommend wykein museumwykein. Ek de Aldehou docht mei yn it programma fan it HCL. Piter Wilkens sil in spesjaal liet sjonge en it publyk kin de Aldehou beklimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)