Nije útstalling Fersetsmuseum

03 feb 2007 - 16:30
  • It Fersetsmuseum yn Ljouwert
  • De rôze trijehoek is oarspronklik it nazi-merkteken foar homoseksuelen

Yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert is sneon de útstalling "Wie kan ik nog vertrouwen?" úteinset. De útstalling giet oer homoseksualiteit yn de Twadde Wrâldoarloch, en fertelt it persoanlike ferhaal fan slachtoffers.

Omdat der net in soad omtinken is foar dizze groep, wie it dreech materiaal te sammeljen. De útstalling sjocht ek nei de sitewaasje fan homoseksuelen fan hjoeddedei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)