Nije útjouwer Frysk sakeblêd

19 nov 2008 - 19:57

It blêd fan De Commerciële Club Friesland hat in nije útjouwer. It sil tenei ferskine ûnder ferantwurdlikens fan de Grinzer útjouwer New Publishers. Dy jout ek it blêd fan de kommersjele klub yn Grinslân út.

It earste fernijde Fryske sakeblêd ferskynt ein jannewaris. De nije útjouwer wol fan it blêd fan De Commerciële Club Friesland ít sakeblêd fan Fryslân meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)