Nije ûndersyksauto foar plysje

04 mrt 2009 - 16:45
  • De nije auto hat in kamera en boulampen

Mei help fan in nije ûndersyksauto tinkt de plysje tenei better en flugger it ûndersyk nei ûngemakken op 'e wei ôfrûne te kinnen. Yn de nije auto's sit in kamera ynboud foar it meitsjen fan foto's. Boppedat sitte der grutte boulampen op om ûndersyk yn it tsjuster makliker te meitsjen.

Dy lampen en it fototastel sitte boppe-op in grutte mêst om ek foto's fan boppe-ôf meitsje te kinnen. De auto's kostje 80 tûzen euro it stik en yn Fryslân sille der trije fan ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)