Nije twaspan foar Doniastate

10 jul 2006 - 18:07

Kliïnten fan soarchbuorkerij Doniastate yn Spannum kinne wer ritsjes meitsje op de twaspanmotor. De âlde twaspan gie in pear wiken lyn ferlern by in brân. Ek twa auto's en in protte ark giene yn flammen op. Op fersiken yn de media om jild foar nij guod kamen gâns reaksjes. Sa joech in ûndernimmer 10.000 euro foar in nije motor. Takom wike woansdei wurdt de nije twaspanmotor by Doniastate yn Spannum ôflevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)