Nije tv-searje Steven de Jong

14 sep 2006 - 12:47

Regisseur Steven de Jong sil de boekensearje 'Snuf de hûn' ferfilmje foar de Evangelyske omrop. De searje fan skriuwer Piet Prins spilet him ôf yn en nei de Twadde Wrâldoarloch. It giet oer de herdershûn Snuf en syn baaske Tom Sanders. Se belibje allerhanne avontoeren. De EO hat tolve ôfleverings besteld. Dy moatte yn it neijier fan 2008 op televyzje brocht wurde. It is noch net bekend wa't de haadrollen spylje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)