Nije turnhal yn Hearrenfean

24 des 2004 - 16:47

De gemeente Hearrenfean hat 850.000 euro fan it ryk krigen foar bou fan in turnhal. De nije hal kin mei de subsydzje de topsportstatus krije. Dat hâldt yn dat der ek ynternasjonale wedstriden hâlden wurde meie. Der binne mar in pear topsporthallen yn Nederlân.

De hal is ûnderdiel fan de nije gemeentlike sportakkommodaasje fan it projekt Sportstad Hearrenfean. It sintrum krijt ek trije sporthallen, in tennishal en in oerdekt swimbad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)