Nije Turnhal Snits iepene

19 sep 2009 - 16:37
  • Ynterieur fan de nije turnhal

In nagelnije turnhal yn Snits moat der foar soargje dat mear bern yn de hiele Súdwesthoeke oan it sporten gean. De nije turnhal oan de Alexanderstrjitte yn Snits waard sneontemiddei offisjeel iepene troch Erica Terpstra.

Sa'n 500 turners en turnsters giene dêrnei oan 'e slach, mar yn totaal kin de hal plak biede oan leafst tûzen sporters. Unyk is de opstelling fan in trampoline fan tolve meter lang, de langste trampoline fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)