'Nije tsjinstregeling oanpasse'

12 aug 2006 - 12:19

De NS en it ministearje fan Ferkear sille besjen oft de nije tsjinstregeling foar de treinen nei it Noarden oanpast wurde kin. Dat skriuwt steatsekretaris Schultz van Haegen oan de Twadde Keamer.

De reistiid tusken de Ranestêd en Noard-Nederlân driget 3 oant 10 minuten langer te wurden. De NS wol earst besykje om de treinen tusken Swolle en Grins en Ljouwert sneller ride te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)