Nije tsjinstregeling bussen

22 aug 2007 - 17:16
  • Foar de nije regeling hat Connexxion oerlein mei skoallen en doarpen

De bussen yn Fryslân ride fan snein ôf neffens in nije tsjinstregeling. De regeling dy't ferfiersbedriuw Connexxion yn april ynfierde soarge foar in soad klachten en is yngripend oanpast. It nije busboekje hjit dan ek 'Er komen betere tijden'.

Connexxion hat it dreech hân, fanwege te min bussen en te min sjauffeurs. Ein septimber moatte alle 110 Fryskers ride en alle Dútske sjauffeurs ferfongen wêze troch Fryske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)