Nije tsjinhinger fan ANBO yn Ljouwert hat tûzen leden

04 nov 2015 - 17:34

De nije âldereinferiening Leeuwarder Onafhankelijke Seniorenvereniging sit no op ûzen leden. De feriening is oprjochte út ûnfrede oer it lanlike ANBO-belied. De easte gearkomste wie woansdei yn it Westerkwartier yn Ljouwert. In soad fan de 300 oanwêzigen stelden dêr fragen oan foarsitter Jan van Olffen.

De rûzje binnen de ANBO is ûntstien neidat de lanlike organisaasje rekkens fan lokale ANBO-ôfdielings blokkearje liet.

De alderein hat in dúdlike miening oer de ANBO. ''Hoe het gegaan is bij de ANBO is heel erg dom. Ze hebben al die bankrekeningen geblokkeerd, dat hoeft toch niet, sei Grietje Rijnsma. Binne Dykstra út Ljouwert hopet dat er ''minimaal itselde krijt by dizze feriening as by de ANBO. ''Dus minimaal it helpen mei organisearjen fan de belestinghelp, de koartings en de syktekosten.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)