Nije tsjerke boud yn Koudum

07 apr 2010 - 20:10
  • De earste peal giet de grûn yn
  • En sa moat it der aanst út komme te sjen

Oan de Nijewei yn Koudum is woansdei de earste peal slein foar de nije tsjerke fan de Baptistegemeente yn Súdwest-Fryslân. De gemeente bestiet út 120 leden, dy't no noch tsjerkje yn de Klink yn Koudum. De gemeente woe al hiel lang in eigen tsjerkegebou en dat komt der no.

It is it plan dat de tsjerke foar de krystdagen klear is. De kosten fan in nije gebou wurde rûsd tusken de 8 en 9 euroton. In soad fan it wurk wurdt dien troch frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)