Nije tribune besjen by it Fean

24 jan 2004 - 00:00

Supporters fan SC Heerenveen koene sneon by in iepen hûs de nije tribune oan de eastkant fan it Abe Lenstra- stadion besjen. De nijsgjirrigen mochten nei it heechste punt, dêr't it fjild noch goed te sjen is.

Yn augustus moat de nije tribune folslein klear wêze. Twa jier letter sille ek oan de noard- en súdkant ekstra tribunes wêze. Alles meiïnoar komme der in goeie 11.000 plakken by. De nijbou kostet sawat 50 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)