Nije treppen oer Waadseedyk

30 aug 2006 - 11:52

Wetterskip Fryslân ynvestearret goed 125.000 euro yn de oanpak fan de treppen oer de Fryske seediken. De treppen binne foar in part skansearre troch min ûnderhâld. Dertroch binne se net feilich mear.

Op goed 20 plakken komt in folslein nije trep en 20 oaren krije foar it earst in leuning. Troch de treppen no oan te pakken hopet it wetterskip mooglikke skeaklaims fan minsken dy't stroffelje foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)