Nije trend:winterfarre yn Grou

19 jan 2012 - 18:25
  • Salonboat De Gaasterland

Deputearre Jannewietske de Vries hat tongersdei yn Grou it startsein jûn foar it winterfarren. It giet om tematyske kulinêre fartochten op salonboat De Gaasterland. De inisjatyfnimmers wolle sa winterdeis it toerisme nei Grou befoarderje, ek as der gjin iis leit.

It is it doel dat ûnder de fartocht in bekende sprekker op de tekst komt oer Grou en wat der ûnderweis te sjen is. Sprekkers dy't hjiroan meidwaan sille binne ûnder oare Klaas Jansma en Thom Mercuur.

Deputearre Jannewietske de Vries wie fol lof oer it inisjatyf. Sy giet der fan út dat hjir grif belangstelling foar wêze sil. Ek Ingrid Fischer, âld-meiwurker fan it Nederlands Bureau voor Toerisme wie entûsjast. Neffens har is it Grouster oanbod foar de winterfartochten 'unyk' en hat it alles yn him om in súkses te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)