Nije trainer foar SC Franeker

20 okt 2006 - 19:44

Sneinstreddeklasser SC Frjentsjer hat André Onclin oansteld as nije haadtrainer. Onclin is de opfolger fan Niels Overweg. Overweg waard twa wiken ferlyn troch it bestjoer fuortstjoerd omdat er in spiler fan Stiens yn 'e noas biten hawwe soe.

Onclin trainde earder de A-junioaren fan Cambuur, Hearrenfeanse Boys en Blau Wyt '34 en Friesland. Op dit stuit siet Onclin sûnder club. Snein jout er syn earste training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)